Goede Doelenloop voor kindertehuis Kaapstad
Kindertehuis Kaapstad goededoelloop stie op myn kalinder hjoed 26 febr…9.00 oere Snits..ik bin helemaal gjin moarnsdraver toch d’r op ta gien! Op útnoeging fan in groepke enthousiaste 2Oceanrunners fanút de AVHorrorklub woen myn nijsgjirrigheid it fan in luie moarn op de bank! Foarôf geand troch in koart wolkomswurd fan Ylona en JanAlbert gie ik fan ‘e moarn oppaad.
Op it menu stie 10km slesch 20km,heal om heal trail,wyn,wetter,smoarch wurde,gjin wedstriid,wille,krekt wat!Fanôf it Skuttersfjlidkompleks gienen sa`n 50 man/frou op reis oer in achterôfpaad mei klapstekken by Epemastate ,troch Ysbrechtum,stik troch it lân rjochting de rûnwei,op de bult wie it hooo foar in slok of in hap en wer troch,joepei!
De trailgoeroe waard trou folge ,prachtig,elk baggere troch de soppige grienstrook,sprong oer greppels…links fan wat oars ek it ferhurde begjin is fan de wol bekinde Winterloop.
Op de “Swettebrêge”foel in gat yn ‘e groep,de “tweintigers”en “teeners”splitsten op,sels gie ik fierder mei de tienerklub.
In mjuks fan Horrorianen,Labbers en in”ferdwaalde”Fit en Fryrinner…
It reinwetter fan de ôfrûne nacht makke de paden superwiet,sa ek lâns de Swette[lofts] én de iisbaan[rjochts]…of wie it no oars om;-) Top geniete únderweis,hoelanger hoe smoariger elk waard. Te gau kaam it ein yn sicht mar wat wie it leuk om dizze goededoelloop te draven mei elkoar!
Yn de AVHorrokantine stie de koffie mei oranjekoeke klear én d’r wie spesjale 2Oceanwyn tekeap.
De opbringst fan dizze sportieve en muzikale dei komt folslein tengoede oan it Bernetehûs Kaapstad.
Ik winskje de 2Oceanrunners sukses mei de loop en harren goeiedoel!!
sportieve groets,
Tineke