adventure run Ameland
Leuke foto op de pier fan Nes,krekt fan in proppiefolle feerboat ôf,op nei in nij avontuur!
Frolik mei it V-teken[Frede]samar ynienen gjin idee wêrom.De V fan…Verliefd? Nee dat ek net…
of wurd it de reade tried fan dit Ferhaal??!
Ik lit myn pen oan it wurd en bin sels ek benijd;-)
De V fan Freonen en Freondinnen,hjoed ha’k se
wer om my hinne,ik mei dêr wol oer.
In dei die betiid begong doe ien fan die Freonen
my ophelle foar it reiske nei Amelân.
Myn TVTAS hurddraafprojekt mei Jasper Sierdsma krijt hjoed in Feestelik tintsje,it lêste eilân fan it jier!
Rinnendewei fiene we it Fakânsjehûs fan de Labfreonen.It waarm wolkom fielt as in
waarme tekken,moai!

As in soarte basiskamp tilt it op fan de sportiviteit,persoanlike tariedingen,rest,geselligheid.
Elk hat syn/har útdaging op dizze sneontemiddei.It waar is top…skier,bewolkt,droeg,hast gjin wyn,fris.
En dan is it safier..Klabamm de 5km freonen geane ‘r fan troch mei syn trijen folge troch Klabamm trije 1
10km freonen en Klabamm ien 21km freon…meiinoar oppaad mei safolle oare Adventurerunners.
Wat ha we allegear moai presteerd op dit prachtige soms pittige parkoer!!
Foar noch meer ferslagen,media ensf.
Feestelik en grutsk Fiel ik mysels,myn pineholle Ferdampt stadichoan mei rest,pillen,iten,drinken,broes…
en noch meer iten en drinken!
Feel good en dus ha’k myn Labfreonen spontaan trakteerd op in Fuottenmazaazje dat Foel yn ‘e smaak!
Uh nee ik ha ‘r net foar leert soks giet puur op gefoel,leuk om tedwaan.
Al mei al in superslagge dei!
Sportieve groets,
Tineke Bajema