1e HellyHansenPeaskeloop Boalsert
Foar de hurddravers op peaskemoandei makke it net safolle út,fris draverswaar mei wat sinne,wyn,bytsje wetter en hagel.By hotel/restaurant de Wynberg wie it start/finish gebied aardig fol mei bûntgekleurde runners. In trijetal Labdravers út Wommels makken har klear foar de 4mijl,Lian B.,Klaas A. en Tineke B.
Nei de jeugdronde,en de 10mijl setten wy goed twa oere útein,it publyk wie enthousiast dat is altiid wer leuk om tesjen!
In skoft lieden hie’k al even priuwe kinne oan it parkoer tidens de promoklip,it fielde doe hast like kâld oan as no!
Mar sa as altiid,dravendewei waard it al gau waarmer,..ik draaf it parkoer del yn in heal om heal outfit,it kin alle kanten út mei it aprilwaar.
Lian en ik fiene únderweis gjin aaien mar wol in soarte kadans, troch it gelúd fan jild yn de achterbûse…it jout tagelik in riik gefoel,sûn en wel de dyk oer!
Klaas is yn gjin fjilden of wegen te bekennen,op syk nei de rappe peaskehazze waarskienlik,knap!
De frywilligers stjoere ús feilig oer de dyk wêr nedich, mei flink wat oanmoedigingen ‘r op ta,prachtig.
Sa drave we de lêste kilometers yn de sinne, poehé toch wer moai dien,high five,in proost op it marktplein.
Feiligheidsspjelden kinne yn it fet tenein,de H.H. eventclips foar it fêstsetten fan startnumers krieg elke atleet mei nei hûs,handig! Wy fiele ús sa fry as de hinnen fan Nijhûzum nei ôfrin fan dizze loop,mei elk seis aaien yn ‘e hân skarrelje we troch Boalsert,werom nei de auto…in “kâlde”rit..6 graden,hagel,wyn,10mijldravers yn ‘e fierte rjochting Burchwert..it is in moai gesicht!
Kompliment foar de organisaasje,op nei oar jier!
Sportieve groet,
Tineke